Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Wiete woansdei

DE JOUWER – It wie in hiel kreaze en noflike tiisdei, mar it waar foar woansdei sjocht der min út. Der falle in soad buien.

Tiisdeitenacht reint of storeint it geregeld. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 13 graden.

Woansdei falle der rûnom yn Fryslân buien, miskien wol mei heil en tonger. Yn ‘e middei sille we de sinne sa út en troch ek efkes sjen. Moarns is de súdwestewyn matich, mar by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Middeis jout de wyn him by de kust lâns wat del. It wurdt net folle waarmer as 17 graden.

Tongersdei en freed bliuwt it waar hinne en wer gean.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter