Diel dit berjocht

Nyk de Vries presintearret solo-album yn Noardewyn Live

Skriuwer/muzikant Nyk de Vries presintearret syn earste solo-album Hoefolle wurden/Hoeveel woorden by Omrop Fryslân. Yn it programma Noardewyn Live fan Willem ‘Wâldpyk’ de Vries sil er dêr in stikmannich nûmers fan útfiere, mei gitarist Fokke van der Veen en bassist Geart Postma, mei wa’t er earder yn de groep The Amp spile.

De âld-Dichter fan Fryslân is in literêr performer by útstek. In protte minsken sille him alris optreden sjoen hawwe, fan Lowlands oant Oerol. Foar it earst komt syn miks fan tekst en muzyk no út as muzykalbum. It befettet parlando-nûmers, mar ek echte popferskes, lykas de earste single ‘Us Auke’. In protte teksten binne autobiografysk, lykas dy oer syn âlden (‘Spikers’, ‘Ûnwis’), syn middelbere skoaljierren yn Bûtenpost (‘Hamster’) en syn freonen (‘Meindert’).

It album befettet sawol Fryske as Nederlânske nûmers. It is fan tiisdei 4 juny ôf te beharkjen fia streamingtsjinsten lykas Spotify en Apple Music. It album is ek te krijen fia audioplatfoarmen lykas Storytel, Nextory etc.

Hoefolle wurden yn Noardewyn Live:
Utstjoering radio: freed 7 juny, 18.00-19.00 oere
Utstjoering telefyzje: sneon 8 juny, 21.00-22.00 oere

Artvark (foto: Reyer Boxem)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter