Diel dit berjocht

Janna’s fotoferhaaltsjes (15)

Wat hawwe paprika’s, aliens en moannefisken mei-inoar gemien?

Oersop (foto Janna van der Meer)

Myn paprikaplanten groeie as koal. Ik kweekte se fan sied út in pûdsje dat ik yn de supermerk kocht. In bytsje túngrûn, wetter en sjedêr: der is gjin keunst oan.

Miskien gjin grut wûnder. Foaral net yn it ljocht fan de kleurrike útbarsting dy’t maitiid hjit. Mar it is dochs ôfwachtsjen oft sied genôch kymkrêft hat, lês: genôch libben yn him draacht. Men hat altyd ferlet fan wat libbens om nij libben ûntstean te litten. Gjinien kin libben út deade matearje meitsje.
Dochs moat dat oait wol bard wêze. Wêrom bart dat no eins net mear?

As minske wolst soks witte. Ik bin ek benijd nei bûtenierdsk libben. Wat my oanbelanget meie de aliens yn ús achtertún lânje.
Fier socht?
Miskien wol.

Hiel tichteby, achter it glês fan myn akwarium, sit ék in heimsinnige wrâld. Sa freegje ik my op it stuit ôf wat der yn in fiskekop omgiet.

Ien fan myn moannefisken liket demint te wurden. As ik se iten jou, swimt er earst de goede rjochting op, mar as er der hast is, wurdt de emoasje him blykber te machtich. Al dy hearlike flokken! Hy swimt yn rûntsjes en slacht oer de kop. Dochs besiket er it hieltyd wer Nei in soad gespartel, slagget it him om wat iten te bemachtigjen.

Ik bin bang foar syn libben.

Mar men wit it net. De wûnders binne de wrâld noch net út.

Janna van der Meer

One Response

  1. De fisk demint?
    De wûnders binne de wrâld noch net út, dat is wier.
    Mar soe sa’n fisk ek gek wurde kinne fan de te lytse wrâld yn syn fiskekom mei eltse dei wer dy “hearlike flokken”?
    Lit in minske him ferwûnderje yn harren greate wûndere wrâld mar foaral ek syn/har ferstân brûke as it giet om dingen dy’t gewoan te begrypen binne. Jow fisken de romte. Dat it dan better mei dy fisk gean sil mei jo net ferwûnderje.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • De fisk demint?
    De wûnders binne de wrâld noch net út, dat is wier.
    Mar soe sa’n fisk ek gek wurde kinne fan de te lytse wrâld yn syn fiskekom mei eltse dei wer dy “hearlike flokken”?
    Lit in minske him ferwûnderje yn harren greate wûndere wrâld mar foaral ek syn/har ferstân brûke as it giet om dingen dy’t gewoan te begrypen binne. Jow fisken de romte. Dat it dan better mei dy fisk gean sil mei jo net ferwûnderje.

Lit in reaksje efter