Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Sinne hat it dreech

DE JOUWER – It is al trije dagen skier waar en de temperatuer leit ûnder de 20 graden. It liket tiisdei ek skier te bliuwen.

Moandeitenacht soe it sa út en troch wat (sto)reine kinne. By hast gjin wyn wurdt it 12 graden.

Tiisdei kin it miskien sa út en troch wat reine en yn ‘e middei is der kâns op in bui. De loft is hast de hiele dei berûn. De wyn komt út it súdwesten en is swak oan matich. De temperatuer leit tusken 16 en 19 graden.

Woansdei soene wy de sinne wer ris efkes sjen kinne, mar wis is dat noch net.

Jan Brinksma

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter