Diel dit berjocht

Kom yn beweging tsjin de besunigingen op Fryske taalorganisaasjes

Deputearre Steaten wolle flink besunigje op organisaasjes lykas Omrop Fryslân, de Afûk en Mercator. Itselde jildt foar de Ried fan de Fryske Beweging en de Fryske Rie, dy’t sels de folsleine subsydzje kwytreitsje. Dizze moanne hawwe de Friezen de kâns om de besunigingen tsjin te hâlden fia Provinsjale Steaten.

De besunigingen op it Fryske ekosysteem binne ûnderdiel fan de nije taalnota ‘Fansels Frysk’. Kearn fan it nije taalbelied is dat de taalfitaliteit stipe wurde moat. Tagelyk ferlieze it taalkado en tydskrift ‘Heit & mem’ in grut diel fan de subsydzje, beide bedoeld om âlden oan te moedigjen de Fryske taal oan harren bern troch te jaan. Mercator, dy’t de provinsje helpt om Europeesk ûndersyksjild nei de provinsje te heljen foar taalûndersyk, ferliest sels de folsleine strukturele subsydzje. Ek meartalich ûnderwiis en de sichtberensaktiviteiten fan de Ried fan de Fryske Beweging hoege fan de provinsje Fryslân net sa nedich. De besunigingen binne fansels net te rymjen mei de ambysjes foar taalfitaliteit.

De besunigingen binne in gefolch fan in beslút út 2022. Doe is der besletten dat der fan 2026 ôf yn prinsipe op it tema ‘taal en kultuer’ 1,6 miljoen besunige wurde moast, útsein as Provinsjale Steaten dêrnei in oar beslút nimme soe. Uteinlik wurdt der yn de plannen op beide 800.000 euro besunige, wylst der yn taal minder jild omgiet. Dêrtroch wurdt it taalfjild disproporsjoneel rekke. It argumint foar de besunigingen is dat de provinsjale reserves earst wer grutter wurde moatte foardat der nije ynvestearringen dien wurde. It liket derop dat yn 2026 de reserves wer heech genôch binne en mear as rom genôch om de besunigingen werom te draaien.

Kom del by de gearkomsten fan Provinsjale Steaten
De besunigingen stean trije kear op it aljemint fan Provinsjale Steaten. Alle trije gearkomsten binne iepenbier yn it Provinsjehûs oan de Tweebaksmarkt 52 yn Ljouwert. Op woansdei 5 juny is fan 19:00 ôf de byldfoarmjende kommisje, dêr’t Friezen ynsprekke kinne op de plannen. It makket yndruk op politisy as der in soad minsken op de tribune sitte.

Op woansdei 12 juny is fan 19.00 oere ôf de oardielsfoarmjende kommisje, dêr’t Steateleden inoar yn befreegje kinne en harren plannen oankundigje foar de Steategearkomste. It grutste debat sil wêze op woansdei 19 juny fan 10.00 oere ôf. Provinsjale Steaten beslute dan oft de besunigingen weromdraaid wurde of trochfierd wurde.

Nim kontakt op mei dyn folksfertsjintwurdiger
Op 29 maaie hawwe ferskillende partijen yn Provinsjale Steaten – D66, SP, GrienLinks en PvdA – besocht om de besunigingen op it Frysk werom te draaien. Foar wiene Partij foar de Dieren, Provinsjaal Belang Fryslân, SP, PVV, GrienLinks, PvdA en D66. Tsjin wiene JA21, ChristenUnie, VVD, Steatelid Jonker, FNP, CDA, Foarum foar Demokrasy en BBB. As bygelyks de frysksinnige FNP, it CDA fan Attje Meekma (foarsitter fan it Steatekomitee Frysk) en de BBB fan Froukje de Jong-Krap, dy’t har sawol foar Bildts Aigen as foar de Fryske Rie ynset, foar stimme soene foar in gelikens foarstel op 19 juny, wurde de besunigingen weromdraaid. Kontakt opnimme mei Steateleden en fraksjes oer de besunigingen kin fia Steateleden en fraksjes Provinsje Fryslân.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter