Diel dit berjocht

Janna’s fotoferhaaltsjes (16)

Sil ik sop fan har siede?

Lofthoanne (foto Janna van der Meer)

As ik moarns myn brij yt, sit Huberta troch it rút nei my te sjen. Har giele eagen stekke fûl ôf tsjin it read fan har blibben en kaam. Yn ferliking mei ús kreaze, ranke weiten hintsjes is it in grut slob. En in lulken ien.

Huberta is ferneamd nei de Hubbard JA 757, in kommersjele fleispyk. Dy ha we in skoftke fokt, omdat we tochten dat we dêr jild mei fertsjinje woene. Doe’t de lêsten nei de slacht giene, ûntkaam Huberta troch har te ferstopjen.
Wy lieten har libje om te sjen hoe’t se har ûntwikkelje soe. Dat wisten we net, want biologyske fleispykjes binne mar in libbentsje fan tsien wiken gund. Dan wurde se slachte. (Om te ferlykjen: gongbere piken slachtsje se mei 6 wiken.)

Hubbards binne altiten roppich. Dêr binne se op fokt, om fluch te groeien. En dat is wêrom’t Huberta sa sljocht op iten is. As ik nei bûten gean, stiet se my op te wachtsjen. Se pikt my yn ’e kûten as ik har net gau genôch wat jou: avesearje minske!

Huberta jout my faak argewaasje, mar ús hoanne is hielendal fan slach troch har. Syn kaam is ferblikke ta in siik rôze kleur en hy kraait amper mear. Sa wurdt syn manlikheid oantaast. Huberta is nammentlik ek mei kraaien begûn en kin it ûnderwilens lûder as hy. En se besiket om de oare hinnen te trêdzjen. Dy sakje dêrby troch har harren fine poatsjes.
It moat net mâler wurde.
Ik soe har Hubert neame, as se gjin aaien lein hie.

Hinnen binne genderfluïde; se kinne hoanne wurde. Dat is bekend. Yn Huberta’s gefal spilet genetyske manipulaasje nei alle gedachten ek in rol.

Wat sil ik dwaan? Sa litte? Of de oarder werombringe en sop fan har siede?

 

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter