Diel dit berjocht

Frysktalige dielnimmers socht foar ûndersyk nei online sollisitearjen

Foar in promoasjeûndersyk sykje wittenskippers fan de Radboud Universiteit yn Nimwegen 240 Frysktalige dielnimmers. It giet om in ûndersyk nei online sollisitearjen.

Dielnimmers krije filmkes te sjen en moatte skriftlik antwurd jaan op in tal fragen. Dat mei yn it Nederlânsk of Frysk. It duorret sawat tweintich minuten om mei te dwaan en it wurket it bêste efter in kompjûter. It ûndersyk is hjir te finen.

De útlis is yn it Nederlânsk, om te soargjen dat ek Friezen dy’t net maklik Frysk lêze kinne, meidwaan wolle. Frysk skriuwe of lêze kinne is net fereaske om mei te dwaan.

Fergoeding
Dielnimmers krije in tegoedbon fan bol.com mei in wearde fan acht euro. Oan ’e ein fan it ûndersyk kin in e-mailadres ynfolle wurde. It meidwaan is frijwillich en anonym. Dielnimmers kinne op alle mominten ophâlde mei de fragelist en harren tastimming om diel te nimmen ynlûke.

De gegevens dy’t sammele wurde, sille troch ûndersikers ferwurke wurde yn wittenskiplike artikels, presintaasjes en ûnderwiis. De anonimisearre ûndersyksgegevens sille tagonklik wêze foar wittenskippers foar op syn minst tsien jier.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter