Diel dit berjocht

Deasjitte dy wolven ?

 

Elkenien ken Readkapke. ‘Le petit chaperon rouge’ waard yn 1697 foar it earst troch de Frânske skriuwer Perrault op skrift steld. De bruorren Grimm namen it op yn harren Kinder- und Hausmärchen oan it begjin fan de njoggentjinde iuw. Yn 2012 ferskynde der op ’e nij in Fryske oersetting fan Anne Tjerk Popkema yn De moaiste mearkes.

Eins koe ik de wolf oant foar koart allinne út dat mearke en net te ferjitten út de tige bysûndere en hilaryske ‘Dodenrit’ fan drs. P, dêr’t in famylje yn Sibearië troch wolven yn efterfolge wurdt. Om harsels te rêden beslute heit en mem om de bern ien foar ien út de troïka te smiten. Der is gjin rêden oan. Se wurde úteinlik allegearre troch de wolven opfretten.

De lêste wolf waard yn ús lân sinjalearre yn 1897, mar sûnt 2000 of dêromhinne binne se werom. Yn 2015 kamen de earste berjochten oer oanfallen skiep. Mei hieltyd mear oanfallen en deabiten bisten is der op it stuit in diskusje geande oer de oplossing fan dat probleem. Wat te dwaan. De wolf is yn Europa sûnt 1982 in beskerme dier en mei dus net deamakke wurde. Sa stiet it omskreaun yn de wet:

De wolf is in Nederland aangewezen als beschermde inheemse diersoort, wat betekent dat het verboden is om wolven te doden, vangen of verstoren/verjagen en dat dit op grond van de  wet Economische Delicten een strafbaar feit is.

It probleem is dat dy wolven der aardichheid oan hawwe om te moardzjen. Sjoch, as se no ien hart of skiep oanfoelen om dêr in wike fan te fretten, dan soe de wjerstân tsjin dy wet minder grut wêze, mar de nije keppels wolven bite fuortendaliks mear skiep dea. Dat liket net needsaaklik, it is ferdivedaasje of in hobby fan dy bisten.

Guon hawwe útsteld om in grut stek op de grins fan Fryslân te setten. Soks liket my net aardich foar de Drinten. Ik bedoel mar, wy moatte ús part fan dizze populaasje op ús nimme, noch ôfsjoen fan de fraach oft sa’n stek wat úthellet. Wa wit springe se deroer, of rinne se efter in fyts of in auto oan op plakken sûnder stek. As ik skiep hie, dan wist ik it wol. Ik soe lykas Jezus in hoeder wêze foar myn skiep en de wolven by nacht foar de kop sjitte.

Tsjin de tiid dat se in bern oanfalle, sil de polityk grif ta it beslút komme dat it ferstannich is om it kwea by de woartel oan te pakken en de wet te feroarjen of by de hegere polityk yn Brussel te bepleitsjen dat wy yn Nederlân no al te folle kij, skiep, bargen, hinnen, einen en minsken hawwe. Wy binne in gastfrij lân, mar der binne grinzen oan wat wy hjir bergje kinne.

Der wurdt dus in soad praat oer de wolven. Dochs binne de gefaren fan biterige hûnen folle en folle grutter Sa fertelt plastysk sjirurch Nick Brinkman yn Medisch Contact fan 30 maart hoe’t er koart lyn in famke fan acht jier op ’e poly krige dat oanfallen wie troch in rottweiler. Skouder, nekke en earms swier skeind. Der misten spieren en in earm wie brutsen.

Biterige hûnen hearre net thús yn ús lân.
Us bern moatte beskerme wurde tsjin dy gefaarlike bisten.

Der wurdt gjin wiidweidige registraasje byholden, mar it giet op syn minst om mear as santich slimme ûngelokken yn ’t jier. By sawat de helte fan de slachtoffers giet it om lytse bern. Yn de njoggentiger jierren binne der yn in koarte tiid trije bern troch pitbulls deabiten. Dêrnei kaam der in fokferbod, en ‘heechrisikohûnen’ mochten allinne mei in bekbân nei bûten. Dy ‘Regeling Agressieve Dieren’ waard yn 2008 ôfskaft.

Heechrisikohûnen wurde foar in part holden troch minsken dy’t anty-sosjaal binne. Dy kombinaasje is riskant, skriuwt Brinkman. Tsjinstanners fan bettere wetjouwing komme dan mei it argumint dat it autoferkear, fet iten en smoken dan ek mar ferbean wurde moatte. Mar lykas it ferbean is om yn de hoareka te smoken of om te riden mei drank op, wurdt it heech tiid om yn te gripen. It maatskiplik draachflak is der grut genôch foar.

In soad minsken hawwe net yn ’e gaten hoefolle ûngelokken oft mei dy gefaarlike hûnen barre. “Lit ús dy sliepende hûn wekker skodzje foardat wy op ’e nij yn de krante lêze moatte dat der in bern deabiten is. De polityk is oan set”, sa beslút Brinkman syn artikel ‘Onderschat het gevaar van agressieve honden niet’.

drs. P mei syn Dodenrit:

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter