Diel dit berjocht

It Bilt yn

Fan Minnertsgea nei Aldebiltsyl

Tongersdei 2 july 2020 is it wer safier. Ik kin wer ris kuierje. Der mei wer mei it iepenbier ferfier reizge wurde. Troch de koroana koe dat in skoft net. Mei in mûlkapke op yn bus en trein. It is wennen. Om kertier foar tsienen kom ik yn Minnertsgea op de rûte oan. Dêrwei giet de tocht nei Aldebiltsyl (Ouwesyl). In lang ein.

Minnertsgea is in moai doarp. De grutte tsjerke is in pronkstik. De toer mei syn wat ynspringend sealtek is hiel karakteristyk. Der binne minsken yn de tsjerke; ik gean der ek yn. In gesellich praatsje hân. Ast sa op ’en paad bist, hast samar in petear. Dat makket sa’n kuier ek sa bysûnder. De loft is skier. It liket derop dat it reine sil. It waait net, dat it reinen soe wolris lang oanhâlde kinne, mar ik set mei in bêst sin útein nei Sint-Jabik ta.

Spoorbrêge by Minnertsgea (eigen foto)

It gea hat hjir in besletten karakter mei beamwâlen en wat heech lizzende boulannen. It liket in bytsje op de Wâlden, dêr’t ik berne bin. It skilpaad dêr’t ik op rin hat ea in treintsje op riden. In houten brechje oer in brede sleat leit op in swiere stiennen fundearring. Ik kom oan by de Griene Dyk, de âlde Middelseedyk. Dêr giet de rûte no in eintsje oer. Lofts fan my leit it âlde lân fan Westergoa en rjochts lizze de nije polders fan It Bilt. Foar my sjoch ik yn ’e fierte de hjoeddeiske seedyk. Wat in grut hichteferskil tusken de âlde en de nije seewarring. It begjint knap te reinen. Dochs mar efkes skûlje. Dat kin ûnder it tichte tek fan tûken fan in hagedoarn. De houtdo, in meter boppe my, briedt rêstich troch. Aldergelokst sakket it reinen wat ôf. Ik gean fierder, no rjocht op Sint-Jabik oan. It lânskip is gâns feroare. Rjocht en sljocht, mei in fiere kime.

Sint-Jabik Groate Kerk (eigen foto)

As ik yn it doarp oankom bin ik dochs wol bot wiet reind. De tsjerke is net iepen, mar ik fyn dochs in drûch plakje. Efkes sitte en om my hinne sjen. It is stil yn ’e buorren. It Pylgerpaad begjint hjir dus. Yn de fluorring fan it pleintsje foar de tsjerke is in grutte Jabiksskulp makke. Dat is it byldmerk fan de pylgerpaden nei Santiago de Compostelle ta. Der is ek in boerd mei nijsgjirrige saken oer de skiednis fan it paad. It is drûch wurden en myn tocht giet no yn noardlike rjochting.

Der leit oant de Aldebiltdyk in skilpaad, earst troch in bosk en by in grut apelhôf lâns. Dêr foarby leit in grut sljocht makke en braak lizzend stik boulân. Hjir binne de apelbeammen wei helle. De apeltylt leannet hjir net. It sil hjir, sa ticht by de see, wol te winich wêze, tink ik. Foar de ierappels is it klimaat hjir hiel goed. It Bilt stiet bekend om syn poerbêste ierappels.

Noardlik fan de Aldebiltdyk (eigen foto)

Ik kom by de Aldebiltdyk, in tolve kilometer lange rige huzen troch in fierder keal gebiet. Dy langste strjitte fan ús lân telt mear as 1200 húsnûmers. By nûmer 890 stek ik him oer. Dêr stiet in nij, grut fabryk en der is it Meier Museum mei motors en reau. Oan ’e ein fan myn paad leit de hege seedyk. De krún dêrfan sjoch ik boppe de bebouwing út stekken en om my hinne allinnich in pear grutte boerepleatsen. Wat is it fjild hjir iepen. Sa iepen is it by ús yn Flevolân net iens mear. Op de seedyk is it útsjoch oerweldigjend. Oer it Waad hinne sjoch ik Skylge en It Amelân. Oer it lân hinne is de lange Aldebiltdyk fan begjin oant ein te sjen en yn de fierte fansels de Achmeatoer yn Ljouwert. Dy wie alle dagen fan myn kuier wol earne te sjen. It wetter komt hjir hast oan de dyk ta. Der is gjin kwelder, allinnich de earste meters fan de dyk ôf komt mar selden wetter. Dêr groeit reid. Ik freegje my ôf hoe’t dat kin. Reid hâldt net fan sâlt. De ferklearring dêrfoar is, tink ik, dat it reinwetter dat fan de dyk ôfstreamt ûnderoan de dyk de grûn minder sâlt makket. Wol nijsgjirrich. De seekant fan de dyk is hast oant de krún hielendal asfaltearre. It paad giet no acht kilometer oer de seedyk. Efkes foar Swarte Haan komme de Biltpollen yn it sicht. Dy kwelders lizze yn in soarte fan ynham. Dat is tink in oerbliuwsel fan de Middelsee. Swarte Haan is in bekend plak. Hjir binne altyd wol minsken. No is der in selskip fakânsjegongers. Allegearre mei in reade fyts fan itselde merk. Sa te sjen fine se it hjir ek moai.

Earbetoan oan de hurde wurkers (eigen foto)

Der stiet hjir in stânbyld foar de arbeiders dy’t it swiere wurk ferset hawwe. De Aldebiltdyk is tusken 1505 en1508 oanlein. Mei 1500 man, de measten út de omkriten fan Dordrecht. Harren iennige ark wie in kroade en in skeppe. De wurden by it byld dat hjir stiet fyn ik hiel goed keazen. Yn it Biltsk stiet der:

Hier, op e wadden
Wereld fan water en slik.
Won hij lând út see.
Skep foar skep.
Monnikewerk

De measte Hollânske arbeiders binne hjir bleaun en der ûntstiene doarpen: Altena (letter feroare yn Sint-Anne en Wijngaarden (no Sint-Jabik) en Froubuorren. Dy âlde nammen Altena en Wijngaarden en de noch besteande namme Nij Altena hâlde ferbân mei de omkriten fan Dordrecht. De skiednis fan It Bilt is hiel bysûnder. Yn dit bestek te folle om op te skriuwen.[1]

Skieppedyk (eigen foto)

De sinne komt dertroch en der stiet no in lekker bol wyntsje. Foar sa’n kuier hoecht it waar net better te wêzen. Ik rin fierder. Foarby Swarte Haan komt der mei heech tij gjin wetter mear oan de dyk ta. De kwelder begjint hjir. It is no ien grutte griene gersflakte dêr’t myn paad lâns giet. De loft is skildereftich wurden. Steapelwolken en fûl sinneljocht. Sinne en skaad wikselje inoar ôf. De skaden glide stadich oer it fjild. En wat ik yn tiden net mear meimakke haw, belibje ik no wer. It sjongen fan ljurken om my hinne. It lûd draacht fier. Oant tritich jier lyn wie dy fûgel altyd yn it fjild te hearren, mar hy is seldsum wurden. In lûd roppende ljip boppe my ferdigenet syn jongen noch. Dy is wol hiel let. Op de dyk weidzje grutte keppels skiep. De bisten binne net skou; meastentiids bliuwe se lizzen as ik tichteby lâns rin.

Nijesyl (eigen foto)

Seis kilometer foarby Swarte Haan kom ik wer yn oare wrâld, it paad giet it lân wer yn: in smel dykje nei Nijebiltsyl. Yn it jier 1600 is dizze dyk makke. Ik kom by it plak lâns dêr’t yndertiid de slûs wie. De dyk is hjir in stik leger. Ik sjoch in nij bushokje. Efkes sjen hoe let oft de bus oankomt. Dy komt net mear, hear ik fan de minsken dy’t hjir wenje. Nuver, in nij bushokje, mar gjin bus. Gjin noed, Aldebiltsyl is net fier mear. De wei is breder wurden en giet no by in brede feart lâns. Dat wie earder in slinke yn de Middelsee (of Boarndjip). Fierderop hjit de feart Ouwe Rij. Aldebyltsyl hat de slûs noch. By dy slûs is de buorren fan dit doarp. Hjir komme bussen lâns. Myn bus sjoch ik fan lytse ôfstân oan my foarby riden. Dat ik in oere wachtsje moat, kin ik wol oer, want hjoed kaam de tiid foar my op it twadde plak.
It is aardich let as ik jûns goed en wol thúskom.

[1] Sjoch foar mear ynformaasje Wikipedy (https://fy.wikipedia.org/wiki/It_Bilt), Wikipedia (https://nl.wikipedia.org/wiki/Het_Bildt) en it prachtige boek Billând fan Sytze Keizer (https://www.itnijs.frl/2023/03/stoarmen-en-muontsen-makken-it-bilt/).

Foto op de thússide: De Biltpollen (eigen foto)

Dizze ôflevering, dy’t foar 7 juny oankundige wie, ferskynt troch omstannichheden in wike letter. De seisde ôflevering sil op freed 21 juny te lêzen wêze; de earste fjouwer binne noch op www.itnijs.frl te finen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter