Diel dit berjocht

Subsyzje foar promoasje Katalaanske kultuer yn Noard-Kataloanië

It Frânske regear hat ynstimd mei it plan om it ûnderwiis yn de Katalaanske taal en kultuer yn Noard-Kataloanië fuort te sterkjen. It docht dat mei in subsydzje fan 650.000 euro oan de Associació d’Amics de la Bressola. Dat bedrach sil dit jier brûkt wurde om de kosten fan it ûnderwizend personiel fan de Bressola-skoallen te beteljen.

De Bressola-sintra leverje in bydrage oan it kreëarjen en yn stân hâlden fan kwaliteitsfol Katalaansk ûnderwiis yn Noard-Kataloanië. De Associació d’Amics de la Bressola is in organisaasje sûnder winsteachmerk, oprjochte yn 1976 troch de histoarikus en politikus Francesc Ferrer i Gironès en de skriuwer Enric Larreula i Vidal, mei as doel it fuortbestean fan de Bressola-skoallen yn Noard-Kataloanië te garandearjen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter