Diel dit berjocht

Help mei om drinkwetter te besparjen

Wat kin men dwaan om drinkwetter te besparjen? De provinsje Fryslân freget ynwenners en bedriuwen om goede ideeën oan te dragen fia partisipaasjeplatfoarm Stim fan Fryslân. Deputearre Friso Douwstra hat sneon 15 juny it startsein jûn foar de kampanje ‘Wês wiis mei wetter, elke drip telt’ op de duorsume merk Groen Goud yn it gemeentehûs yn Ljouwert.

Deputearre Friso Douwstra: “Fryslân en wetter binne mei-inoar ferbûn. Elkenien hat swiet wetter nedich: de ekonomy en de lânbou ek. Mar wêr komt al dat wetter wei? Hoe hâlde wy it fêst? En ha we yn de takomst noch wol genôch?”

Ideeën- en stipefaze
Fan 15 juny o/m 14 july rint de ideeëfaze. Ynwenners fan Fryslân wurde dan, fia ferskate (digitale) kanalen fan de provinsje en Omrop Fryslân prikele om mei te dwaan. Op www.stimfanfryslan.frl stiet ek de promoasjefideo mei foarbylden om drinkwetter te besparjen.

Favoritefaze
Nei de ideeëfaze folget de favoritefaze, fan 15 o/m 21 july. Ynwenners kinne ideeën fan oaren dan in tomke jaan, oftewol stypje.

Beoardielingsfaze
Fan 22 o/m 28 july beoardielet in saakkundige sjuery de yntsjinne ideeën en makket út hokker oft troch meie nei de stimfaze. De sjueryleden sjogge nei orizjinaliteit, effektiviteit en tapasberheid.

Stimfaze
Fan 29 july o/m 11 augustus kinne Friezen stimme op it bêste idee foar it besparjen fan drinkwetter.

Wetterpitch-gearkomste
De ideeën en inisjativen mei de measte stimmen wurde útnûge foar in ‘wetterpitch’ mei priisútrikking, pland op moandeitejûn 9 septimber. De sjuery bepaalt de echte folchoarder fan de winners. Deputearre Douwstra fersoarget, as foarsitter fan de sjuery, de priisútrikking.

Stim fan Fryslân
Om mei te dwaan kinne ynwenners ynlogge op it online platfoarm Stim fan Fryslân. Dat is der sûnt 2022 op inisjatyf fan Provinsjale Steaten en is bedoeld om ynwenners te konsultearjen oer politike en maatskiplike fragen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter