Diel dit berjocht

Net ferkeard: Fean, hoop en mankelikens

Gabrielle sit deroer yn oft se har fakânsje wol oerlibje sil en Arjans eilândream komt út.

Yn dizze ôflevering steane Gabrielle en Arjan stil by hoefolle oft der dizze wiken bard is lykas it ferstjerren fan Hindirk Hannema – en ek by syn libben – mar ek by de ferskate optredens dy’t se hân hawwe. Sy lêze harren kollums foar, prate oer de skriuwersarke, coole nije filmklassikers en oer God dy’t út Jorwert ferdwûn.

Arjan fertelt oer it ferbliuw fan writer-in-residence Rasha Khayat út Dútslân yn Ljouwert en Gabrielle oer de skriuwklup. Sy lêze in koart ferhaal fan Nicole van den Berg en beprate har wurk, dêr’t se fan fan binne. Sy steane ek stil by de nijste hits fan Fryske artysten: der is wer hiel wat sicks útkommen! En alles watst witte wolst oer it bestellen fan oesterswammen mei koarting!

Fierder: mankelikens, slachrjemme mei pyk, Poadium Explore, Goeie.frl, kanoë wylst Bûtenpost oerstreamt, Rink van der Veldepriis en typmasines.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter