Diel dit berjocht

Populêr konsert yn Boalsert

It manljuskoar Soli Deo Gloria út Urk sil ûnder lieding fan Jaap Kramer op sneontejûn 22 juny yn Boalsert in konsert jaan. Dêr wurkje de trompetter Maurice van Dijk, de pianist Jorrit Woudt en de oargelist Mark Brandwijk ek oan mei.

Op it programma steane in protte bekende en favorite koarwurken en ynstrumintale soly. By guon nûmers kriget it publyk de gelegenheid om mei te sjongen.

It konsert wurdt holden yn de Martinitsjerke en begjint om 20.00 oere; de doar giet om healwei achten iepen.
Tagongskaarten foar folwoeksenen kostje € 10 en foar bern € 5. In kaart foar de hiele húshâlding kostet € 15.

It konsert wurdt organisearre troch Stichting Muziek voor elkaar.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter