Diel dit berjocht

Frjemd folk yn ’e tún

Ynienen siet der in bijefolk by ús yn ’e foartún! In gûnzjen as in legerke drones, in hiele wolk boppe it postsegeltsje grûn foar hûs. Yn de hage komme se byinoar; der sit al in hiele kleaune. Ik meitsje de frou wekker (it is betiid op in moandeitemoarn) om it ek te sjen. In mefrou mei in bernewein komt deroan oer de stoepe. Se stekt mar gau oer nei de oare kant fan de strjitte. Myn frou is ferheard, mar ek grutsk, want sy wie inisjatyfnimmer fan Leeuwarden Bijenstad. Dat se no krekt ús túntsje útsykje om del te striken! Ik rin wat tusken de bijen om en besjoch de kleaune fan tichteby. De bijen litte my gewurde, it is as bin ik der net iens. It lit my tinke oan in gedicht fan Sipke de Schiffart, oer hoe moai oft it is as yn in keamer fol minsken, de hûn by dy komt te sitten. Dat gefoel. Ik sykje troch Sipke syn beide bondels, mar fyn it net. Ik mail Sipke, en al seit it him wol wat, it is net fan him. Is it dan fan Charles Bukowski? Dy tsjokke bondel bin ik wol in dei mei dwaande om him troch te blêdzjen. Of stiet it yn de bondel mei outlawgedichten, nei it Frysk oerset? Dat wurdt wer dagen speurwurk.

Oars moast iksels mar in gedicht skriuwe, in soartemint fan earbetoan oan in flarde fan in tekst yn myn ûnthâld. As immen wit hokker fers of tekst oft ik bedoel, lit it my efkes witte! Yn ’t foaren tige tank. 

In stêdfol tunen

in bijefolk strykt del
yn ús túntsje

se gûnzje as drones
boppe it stadion
op wedstriiddei

it is mar
in postsegeltsje grûn
mei in lytse hage
deromhinne

se foarmje in kleaune
yn in hage
yn in stêd fol tunen

it fielt as yn dat fers
dat ik net weromfyn:
in frjemdling rint in keamer yn

in wachtkeamer fol minsken
en ien hûn

en dat dy hûn dan krekt
by him komt te sitten

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter