Diel dit berjocht

Dûbeld en dwers

It wurd dûbeld hâldt ûnder oaren yn dat we it ien of oar twa kear hawwe: in dûbeltsje hie de wearde fan twa stuorkes. In dûbelnûmer (yn gearsettingen ferliest dûbeld faak de lêste d) fan in tydskrift is twa kear sa tsjok as wenst is; in dûbelelpee bestiet út twa langspylplaten; in dûbeldekker is in trein of in bus mei twa ferdjippingen en in fleantúch mei twa wjukken boppe-inoar. Allegearre foarbylden fan twa kear itselde, dûbelop.

Oars leit it mei “dêr bin ik dûbeld yn.” Neffens myn redenaasje fan saniis soe dat betsjutte dat ien syn miening twa kear telt of dat syn arguminten twa kear sa sterk binne. Bedoeld wurdt lykwols dat it tinken fan sa’nien twa ferskillende (tsjinstelde) kanten út kin. Perfoarst nét dûbeld. Ik moat myn opfetting dus wat bystelle, want dûbel(d) hat noch mear betsjuttingen. It wurdboek neamt ek fan twadderlei aard, mei twa betsjuttingen en sels falsk. Dat it dêrby dus wol twa (ferskillende) kanten útgiet, sjogge we oan wurden as dûbelhertich en dûbelsinnich. En wurket in dûbelspion ek net twa ferskillende kanten út? Der binne dus mear nuânsen.

Dy nuânsen binne de rykdom, mar faak ek it lestige fan taal. Soks te beseffen is goed foar jins taalkompetinsje. Wat in dreech wurd! Wy kinne it ek taalfermogen neame. It Frysk Hânwurdboek leit dat sa út: kennis dy’t in taalbrûker fan syn memmetaal hat en dy’t makket dat er sinnen yn dy taal foarmje en begripe kin.

Ed Knotter

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter