Earste Bewegersdei wie op 29 juny 2024 yn Ljouwert.
De Fryske taal naam op dizze middei in wichtich plak yn. Sa stie taaldeputearre Eke Folkerts as sprekker op it program en wie d’r de kâns om it Steatekomitee Frysk te fertellen wat de stip op de hoarizon wêze moat foar it Frysk.
Lês hjir it ferslach fan 29 juny 2024
Praktysk
Plak: Theater de Bres,
Skoallestrjitte 4 yn Ljouwert
Datum: sneon 29 juny 2024
Ynrin: 13:30 oere
Oanfang: 14:00 oere
Ynformeel sûpke: 16:30 oere
Programma
- Wolkom troch foarsitter Sjirk Eildert Bruinsma
- Taspraak deputearre Eke Folkerts
- Yn petear oer de takomst fan it Frysk mei it Steatekomitee Frysk
Skoft
- Jierlikse útrikking fan de Fear yn ’e Broek
- Taspraak fan ’e foarsitter
- Hapke en drankje
De band Seaking fersoarget de muzikale begelieding op de Bewegingsdei!
Oanmelde
Wy stelle it tige op priis as jo foar 24 juny efkes trochjouwe mei hoefolle minsken oft jo komme. Dan kinne wy dêr rekken mei hâlde mei de hapkes en drankjes. Oanmelde kin troch in berjochtsje te stjoeren nei ynfo@fryskebeweging.frl
Graach oant sjen op 29 juny!
Ut namme fan it bestjoer,
Sjirk Bruinsma en Nynke Beetstra