Diel dit berjocht

Krijst der safolle foar werom

Tiisdeitejûn 18 juny waard yn De Harmonie fan Ljouwert it programma foar it nije teäterjier 2024–2025 presintearre. As ‘Freon fan de Harmonie’ wie ik mei Hinke, myn frou, oanwêzich. It programma waard presintearre troch toanielspiler Theun Plantinga. Hy spile by Tryater, mar ik seach him in pear jier lyn yn it Paleis fan Justysje yn ‘Kneppelfreed’, in teäterproduksje fan Pier21 yn gearwurking mei de Harmonie. Ik publisearre oer dy foarstelling op It Nijs fan 2 septimber 2021 ‘Kneppelfreed, in bysûndere teäterproduksje’.

Dat stikje begûn sa: “Friesland is maar een klein deel van een klein land. We moeten ertegen waken tweedracht te zaaien. De belangen van het geheel moeten prevaleren boven de delen. Dat is in stikje tekst dat útsprutsen wurdt troch de offisier fan justysje, spile troch Theun Plantinga yn de teäterfoarstelling Kneppelfreed, dy’t op 29 oktober yn premjêre giet.”

Der moast ik oan tinke doe’t Theun Plantinga as drokke presintator yn syn glitterpak in nije foarstelling fan Pier21 oankundige: ‘Krijst der safolle foar werom’.

Op de side fan Pier21 stiet it sa: “De nije tragikomeedzje fan Pier21 oer it wichtige tema spytmem, winskâlden en grutbringe. Under regy fan Mara van Vlijmen en tekst fan Ali Zijlstra spylje Anna Raadsveld en Benno Veenstra broer en sus dy’t in nachtlike konfrontaasje mei-inoar oangean oer bernewinsken, spytmemmen en âlderskip.”

Theun die de oankundiging fan dizze produksje dy’t op 9 oktober yn premjêre giet yn it Frysk, mar gie al gau oer yn it Nederlânsk doe’t er in koart fraachpetear hie mei Ali Zijlstra, de skriuwster fan it stik. Ik bin der wis fan dat it publyk gjin muoite hân hie mei in folslein Frysktalich petearke, of fûn Theun itselde as de offisier fan justysje yn 1951? “Friesland is maar een klein deel van een klein land. We moeten ertegen waken tweedracht te zaaien.”

Hawar, it wie fierder in slagge jûn mei in moai oersjoch fan it nije programma. Mar dat der foar safier’t ik yn it programmaboek sjen koe mar ien Frysktalige teäterproduksje te sjen is yn de Harmonie, dêr waard ik net fleurich fan.

Pier Bergsma

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter