Diel dit berjocht

Fan Frjentsjer oant Kaunas

Op dit stuit befyn ik my yn de sjarmante stêd Kaunas, yn Litouwen. In gesellige âlde stêd, dêr’t ik justerjûn nei in reis fan sân oere, of acht ast it tiidsferskil fan in oere meitelst, oankaam. Ik checkte yn by myn hotel, tapaslik Broken Bed Hotel neamd, dat in grappige útstrieling hat mei donker ferve muorren en grutte skilderijen.
It earste wat ik die wie op ’e siik gean nei wat te iten, ien fan de útdagingen fan solo reizgjen.

It fielt ûngemaklik om allinnich yn in sjyk restaurant te sitten, en hoe wurger oft ik bin, hoe dreger oft de kar wurdt. Uteinlik bedarre ik by in soarte fan wrap-ferzje fan McDonald’s, dêr’t ik cheesecake en in Meksikaanske wrap keas.

Ik sil dit wykein nei in festival mei myn freon, dy’t tegearre mei syn maat op de fyts nei it festival is. Ik sil harren yn de auto ophelje en dan mei-inoar Metal en Baltyske folkmuzyk sjen. Dus ik bin hjir allinnich op reis mei de auto, fan Frjentsjer nei Kaunas. Earlik sein giet it allegearre soepeler as dat ik yn ’t foar tocht hie. Ik wie bang foar strange grinskontrôles en sels in bytsje foar de Russen, mei’t Poalen en Litouwen oan Russyske gebieten grinzje. Mar de Russen lieten har net sjen en allinnich de Dútsers kontrolearren oan de grins. De rest fan de reis wie troch Schengengebiet, en ik koe mei de Peugeot 206 lekker trochride.

Myn earste stop wie Berlyn, dêr’t ik ferline jier ek allinne wie. Diskear wie ik útfanhûs by in faam dy’t ik doe kennen leard hie. Ferline jier slepte ik op in camping. Ik bin net echt ien dy’t gau by oaren útfanhuzet; ik hâld fan myn frijheid en bin graach allinnich. Dizze kear woe ik sjen hoe’t it gean soe. No, it wie gjin ramp, mar it waard wol wyld.

Sneins giene we nei in feest, dêr’t we har freondinnen moeten, twa Amerikaanske fammen. Al gau fielde ik my wat in bûtensteander. De petearen giene foaral oer drugs. Wy giene nei in klup, dêr’t myn tydlike húsgenoat en har freondinnen by de wc’s op ’e siik giene nei drugs. Ik liet it allegearre oer my hinne komme, in echte Berlyn-ûnderfining, ek al haw ik neat mear mei drugs en alkohol. In Dútske faam bea XTC oan, dy’t se thús sels makke hie en dêr’t se tige grutsk op wie. De Amerikaanske faam begûn hieltyd mear oer drugs te praten: “I just got in my first K-Hole and the guy asked me to give head while I was throwing up.” Op in stuit stie der ien tichteby my te praten oer it besjen fan neakene minsken yn in seksklup. Stadichoan kaam ik derefter dat ik dochs in stik minder romtinkend bin as dat ik tocht. De situaasje makke my ûngemaklik en ik besleat werom te rinnen nei it appartemint, sadat ik noch wat fan ’e stêd sjen koe. Dat waard in moaie en ûntspannen tsien kilometer. Uteinlik kaam myn gastfrou ek thús.

De oare deis sette ik ôf nei Gdansk yn Poalen, dêr’t ik in fyts hierde en by de kust lâns fytste. Ik learde oer de oarloggen en de fal fan it kommunisme yn Poalen en iet Poalsk yn in restaurant dêr’t ik de iennichste besiker wie. It foargerjocht wie nochal heftich: sop mei fiif soarten woarst, ierappelpuree, spek, aaien en in hiel soad bûter. Gelokkich mocht ik it haadgerjocht meinimme yn in doggybag en koe ik dat de oare deis as lunch ite, oan in Poalske mar, hearlik allinnich.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter