Diel dit berjocht

Wat is no ‘Egypte’?

Op in belidenisgroep frege ik ris: “Wat is foar jim Egypte!”
In jonge frou dy’t krekt it tredde bern krigen hie, flapte derút: “Alle dagen ruften waskje!”
Doe wisten alle oaren ek wol wat te neamen. Wy dogge der goed oan om te beneamen wat ‘Egypte’ yn ús libben is.
Egypte is yn ’e Bibel mear as in lân op ’e kaart. It is in symboalwurd foar elke situaasje fan ûnderdrukking, yn it grut troch diktators, mar ek yn it lyts.
‘Egypte’ is bygelyks jûns de dyk net út doare, optwongen seks (yn en bûten it houlik).
‘Egypte’ is in houlik dêr’t man en frou oerinoar baas spylje wolle.
‘Egypte’ is in heit, in skoallieder of ûnderwizer, in baas op it wurk dy’t autoritêr is of dy’t seksueel syn plak net wit.
‘Egypte’ ûntstiet as minsken de finzene binne fan sekten of sektelieders, fan ideologyen of fanatisme.
‘Egypte’ is de terreur fan de maffia en drugsbaronnen, mar ek fan sakelju dy’t oer liken geane.
‘Egypte’ is de sjantaazje, dy’t bern en benammen pubers ûnderfine, om mei de oaren mei te dwaan.
‘Egypte’ is it ferslave wêzen oan alkohol, porno of drugs, it workalcoholic wêzen, of it hieltyd geweld sjen wollen.

In rabby sei: “Elk minske moat elke dei út ‘Egypte’ gean.”
Ta dy úttocht nûget ús God!
“Ik, de Heare, dyn God, wol datsto yn frijheid libbest!”

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter