Diel dit berjocht

Simmereksposysje yn Sint-Jabik

Yn De Groate Kerk yn Sint-Jabik is oant en mei 22 septimber Zie mij. De Bijbel in foto’s te sjen. Yn dy bysûndere útstalling keppelet byldzjend keunstneresse Carline Waltman aktuele foto’s út sechstjin lannen oan ferhalen út de Bibel.

Frou Waltman ferbynt bygelyks in fleanfjild fol flechtlingen, minsken oan in strân en in kûle mei reinwetter oan teksten út de Bibel. Dat bart yn seis talen: Frysk, Nederlânks, Arabysk, Dútsk, Ingelsk en Tigrinya (út Etiopië). De foto’s binne makke yn lannen as Nederlân, Dútslân, Italië, Israel, Jordanië en Grikelân. Frou Waltman har wurk is hiel fariearre. Hja toant lânskippen, stillibbens, portretten en aksjefoto’s út it deistich libben yn ferskate kultueren.

De útstalling kaam ta stân troch it gearwurkjen fan it Bijbels Museum yn Amsterdam mei Stichting Alde Fryske Tsjerken (dy’t eigener fan De Groate Kerk is) en Stichting Kultureel Sintrum De Groate Kerk.

Utstalling Zie mij. De Bijbel in foto’s
Data: fan no oant en mei 22 septimber 2024
Lokaasje: Groate Kerk, Oosteinde 1 yn Sint-Jabik
Iepeningstiden: alle freeds, sneons en sneins fan 13.00 oant 17.00 oere
Yntree: frijwillige bydrage

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter