Diel dit berjocht

Moasjes oer it Frysk oannommen yn ‘e Twadde Keamer

In grutte mearderheid yn de Twadde Keamer naam fan ’e wike in searje moasjes oer it Frysk oan. Dêr siet in moasje by om it Frysk by de rjochtbank better te regeljen, mar ek ien foar it wetlik regeljen fan in grutter Frysk media-oanbod, ek op it mêd fan drama. Mirjam Bikker fan de ChristenUnie tsjinne ôfrûne wike in moasje yn om Frysktalich media-oanbod yn de wet te ferankerjen. It advyskomitee fan de Rie fan Europa konstatearre earder al dat it Fryske media-oanbod kwetsber is, ûnder mear om’t it net fêstlein is yn de Mediawet of yn de Wet gebrûk Fryske taal.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter