Diel dit berjocht

Fryske oersetting Nasjonaal Boekewikegeskink Chabot

It Boekenweekgeschenk 2024 ferskynt ek wer yn it Frysk. De oersetting, mei de titel Gesinsferpakking, is makke troch Ytsje Steen. It tema fan de 89e nasjonale Boekewike is ‘Bij ons in de familie’ en dêrom is de famylje Chabot frege om it geskink te skriuwen.

Bart en Sebastiaan Chabot oer de Fryske oersetting: “Wat wy práchtich oan de Fryske ferzje fine, is dat ‘Hond Bril’ ‘Hûn Bril’ is. Wat ús oanbelanget is it fan no ôf Hûn Bril, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk! En it Fryske ‘memmestippen’ foar it Nederlânske ‘mamastippen’!”

De nasjonale Boekewike wurdt dit jier fan 16 o/m 24 maart holden. By oanskaf fan € 15,- oan boeken by de boekhannel kriget men yn dy wike it boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter