Diel dit berjocht

Meindert Talma skriuwt Frysk Kadoboek 2024

Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skriuwt it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre er mei de autobiografyske roman Dammen met ome Hajo, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er tegearre mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel De Blauwe Fedde yn petear.

Yn 2003 ferskynde fan him de roman Kriebelvisje. Dêrop folgen de dichtbondel Laat het orgel jammeren (2011) en de romans mei muzykalbums Kelderkoorts (2013), Je denkt dat het komt (2017) en Gezinsverbijstering (septimber 2024).

Meindert Talma: “Doe’t ik belle waard mei de fraach oft ik it Kadoboek 2024 skriuwe woe, tocht ik: o nee!, want ik wie krekt dwaande mei it dien meitsjen fan myn nije boek. Mar ik haw in soad nocht oan it skriuwen fan it Kadoboek. It wurdt in autobiografyske, tragykomyske novelle, dy’t him foar it grutste part yn Fryslân ôfspilet. En it kriget in frij dramatysk ein.”

Fryske Boekewike yn novimber 2024
It Kadoboek wurdt presintearre op freed 1 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike, fan sneon 2 novimber o/m snein 10 novimber 2024, fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek. It Kadoboek fan 2024 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Regaad.

Yn 2023 skreau Anita Terpstra it Kadoboek Hiltje yn Pella. Dêrfan giene der yn de Fryske Boekewike mar leafst 2.000 eksimplaren oer de toanbank yn boekhannels rûnom yn Fryslân, en besitters koene mei it Kadoboek fergees mei de bussen en treinen fan Arriva reizgje.

It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl. Foto Meindert: Reyer Boxem

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter