Diel dit berjocht

Gjin simmer

DE JOUWER – De simmer is efkes fuort, mar dat liket net al te lang te duorjen. Nije wike knapt it waar wer op.

Tiisdeitenacht soe der in bui falle kinne. By de kust lâns stiet in matige westewyn, mear de provinsje yn is de wyn swak oant matich en krimpt er fan it westen nei it súdwesten. It wurdt in graad of 12.

Woansdei is de loft berûn en set it op in reinen. Letter yn ‘e middei wurdt it drûch en sil de sinne noch efkes skine. Der kin dan wol in bui falle. De westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich. De temperatuer leit om de 15 graden hinne en dat is in hiel stik leger as gewoanwei.

Tongersdei wurdt it wer wat mylder.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter