Diel dit berjocht

Sútelaksje Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinnaard

Op freedtejûn 5 april komme de redaksjeleden fan doarpskrante Diggelfjoer (Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinnaard) lâns de doaren yn dizze doarpen mei in kroade fol Fryske boeken. Om de drukkosten fan ús doarpskrante te bekostigjen ferkeapet de redaksje Fryske boeken. In diel fan de opbringst (25%) giet nei de Diggelfjoer.

As der minsken bûten de Fjouwer doarpen binne dy’t ús ek graach stypje wolle troch it keapjen fan in boek? Nim kontakt op en wy regelje it! diggelfjoer@live.nl De redaksje komt thús lâns op freedtejûn 5 april tusken 18.00 en 21.00 oere. Foto: Het Hoge Noorden – Jacob van Essen

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter