Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Soad wyn

DE JOUWER – Nei in skiere freed krije wy in wykein mei benammen op sneon in soad wyn.

Sinne en buien wikselje inoar sneon ôf. Yn ‘e moarntiid komt de matige oant frij krêftige wyn út it súdwesten. By de kust lâns en boppe de Iselmar wurdt de wyn krêftich oant hurd. Middeis komt de wyn út it westen oant súdwesten en bliuwt matich oant frij krêftich en by de kust lâns frij krêftich oant hurd. Der is boppedat kâns op swiere wynpûsten. Mei 20 graden is it wol wat nofliker as de lêste dagen.

Snein jout de wyn him wer del en wurdt matich út it súdwesten. It bliuwt, nei alle gedachten, net hielendal drûch, mar wy sille de sinne grif ek noch wol sjen. It wurdt krapoan 20 graden.
Moandei knapt it waar al wat op. By in matige súdwestewyn bliuwt it, sa goed as, drûch en mei, sa út en troch, wat sinne sil it 20 graden wurde.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter