Diel dit berjocht

Waarme tiisdei mei tonger

DE JOUWER – It wie moandei in noflike simmerdei, mar tiisdei sil it waarm wurde mei kâns op (swiere) tongerbuien.

Moandeitenacht is it mei 15 graden in mylde nacht. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út it easten.

Tiisdei soe de loft earst noch berûn wêze kinne, mar letter skynt de sinne geregeld. Yn ‘e rin fan de middei, mar benammen yn ‘e jûn falle der (swiere) tongerbuien mei wynpûsten, heil en in soad reinwetter. De eastewyn is oerdei swak oant matich. It wurdt 20 oant 27 graden.

Woansdei wurdt it wer wat minder waarm.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter