Diel dit berjocht

Thúsblaze: Tryater

Yn Thúsblaze komst yn in húskeamerfoarstelling yn ‘e kunde mei in lid fan in fanfare. Miskien komt de âlde eufoaniumspiler Rinse (Joop Wittermans) oan de doar, dy’t al fyftich jier fanatyk mei de fanfare meiblaast mar no foar in dilemma stiet.

Of de ympulsive John-Douwe (Lourens van den Akker), dy’t miskien dochs wer trompet spylje wol om syn lilkens te bedimjen. Of faaks Wieke (Eva Meijering) – noch mar krekt by de fanfare en no al foarsitter – dy’t der hielendal foarwei is troch de nije diriginte. Of wurdt it Carmen (Brecht Wassenaar) – dochter fan Rinse – dy’st miskien al sjoen hast by Ynblaze. Hoe soe it no mei har gean?

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter