Diel dit berjocht

In pear simmerske dagen

17 july 2024

Nei in skier begjin en in fierder sinnige dei, is it jûn aardich helder en bliuwt it drûch. Der stiet net folle wyn. Fannacht ûntstiet op plakken damp; it bliuwt drûch. De termometer sakket oan de kust nei sa’n 15 graden en mear it fêstelân yn nei 10 graden.

Tongersdeitemoarn lûkt de damp gau fuort. De loft is earst noch aardich berûn, mar it bliuwt drûch en de sinne kriget hieltyd mear te sizzen. De wyn is swak oant matich. Op ’e eilannen wurdt it net waarmer as 20 graden, op it fêstelân wurdt it wat waarmer.

Freed is it drûch, sinnich en waarm oant tige waarm. Yn it wykein, benammen snein, wurdt it wer buiïch en sakje de temperatueren.

Waarnimmer

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter