Diel dit berjocht

Moarn buien

22 july 2024

Jûn en fannacht kin it sa no en dan reine. Op ’e Iselmar waait it stevich. De minimumtemperatuer leit om de 17 graden hinne.

Tiisdei wurdt in dei mei in protte bewolking, rein en tongerbuien. Letter op ’e dei komt de sinne dertroch, mar jûns let kin it wer begjinne te reinen. De temperatuer leit middeis om de 21 graden hinne. De matige wyn komt út it noardwesten.

Woansdei en tongersdei sjogge we de sinne no en dan en sil it meast drûch wêze. Fierderop yn ’e wike krije we in protte bewolking en buien, mar fan snein ôf liket it wer moai simmerwaar te wurden.

Waarnimmer

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter