Diel dit berjocht

De dichter fan Aldendei

As ik út Tresoar weirin, troch de Lytse Tsjerkestrjitte, haw ik in stel rigels fan Obe Postma yn ’e holle, út in gedicht dat ik krekt dêrfoar lêzen ha:

Ik rin troch de stêd as in ûnbekende.
Hja sizze net: sjoch, dêr is de dichter fan it Fryske lân of soks eat; (…)

(Obe Postma, Troch it folk hinne, 1939)

Krekt op dat stuit hear ik efter my: “Kijk, daar loopt de Dichter fan Fryslân!” As ik my omdraai, sit dêr in âld-kollumnist fan de krante. Ja, dy hâldt soks wol by, al bliuwt it apart, as tinzen en omjouwing sa hommels akkordearje. Yn alle gefallen, ik fiel my sjoen! Al ken ik net in soad dichters dy’t dichtsje om ferneamd te wurden. Obe wol? Syn fers is mear in lamentaasje oer it lot fan dichters yn it Frysk. Obe Postma is dochs in bekende dichter wurden. Hy stiet bekend as de Dichter fan it Fryske lân. Der bestiet sels in stichting dy’t syn wurk en namme yn libben hâldt. 

Sa rin ik prakkesearjend by Grand Café De Dikke Van Dale del. Ut de sêre wei ropt ien fan “Hut!” Obe Postma noch oan ta, dêr wurd ik nochris werkend! Diskear troch dichter en oersetter Bert de Vries (Walt Whitman, Liet fan Mysels, Hispel, 2024) en njonken him sit Syds Wiersma (Frysk kampioen slamdichtsjen 2023). De beide manlju sitte yn in hoekje mei útsicht oer de Nijstêd. “We binne plannen oan it meitsjen.” Wat krekt, dêr binne de hearen noch net út.

We bestelle te drinken en soks bringt De Vries daliks in tekst yn it sin, “In passaazje út it fers Aldendei” Dy titel seit my neat. Wiersma kriget in nagelnije útjefte út syn tas en langet my in eksimplaar oer. Alles is hjir op trochreis, it sammele wurk fan dichter Abel Oostra (1941-2022). De Vries hat al ien krigen, slacht it iepen. “Aldendei, in machtich fers!” Hy sjit yn ’e hâlding en deklamearret:

no ja
’k woe in pilske ha
mei robert yn tanchrijn
nei safolle sjagrijn
twa bierkes
trije bier
in fanke mei read hier
inoar besjen
hifkjend keure
of sille wy mei-inoar geurje
fjouwer bier
it buro sit swier
mar alhier
fiif bier
hja dy leidige brede
glimkjend yn frede (….)

Oostra wûn wolris in Rely Jorritsmapriis, mar syn poëzy publisearje die er oars net. Wiersma hat tegearre mei widdo Godelieve Kok de losse hânskriften byinoar fandele, úttypt en der in bondel fan makke. Der sitte ek pintekeningen troch Oostra yn. Gjin foto fan de auteur. De man syn uterlik bliuwt my in riedsel. Miskien bin ik him op strjitte wol foarby toffele, sûnder soks te tinken as, hee, dêr rint de dichter fan Aldendei!

(…) tinkend oan it riizjend stjitten
bin ik sân achteroer oan ’t jitten
o hearlik it sweevjen
yn it froulik weevjen
mar nei’t wy de achtste telle
sille wy de njoggende bestelle
en skaaiend op ’e fyts
bin ik o sa lyts
ûnder de reus orion
dy’t priket oan de kjeldloft

(Abel Oostra, Alles is hjir op trochreis, útjouwerij Louise, 2024)

De Vries sit wer en sa komt it praat op deade dichters, kollega’s dy’t der net mear binne, poëten dy’t net mear har eigen wurk foardrage kinne. Guon – en dat binne der net in soad – ha in stichting. Mar al dy oaren, wat bard der mei harren wurk? 

We nimme in swolch, sjogge inoar oan. Geasten fan ferstomme dichters folje de romte. De servearster lit ús mar even gewurde. Hjir wurde plannen smeid.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter