Diel dit berjocht

Waarpraatsje: Heechsimmer

29 july 2024

De hiele wike bliuwt it simmerwaar. Wol nimt letter de kâns op in (tonger)bui wat ta.

Moandeitenacht is it helder en by hast gjin wyn wurdt it 14 graden.

Tiisdei skynt de sinne hast de hiele dei. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns bringt in matige noardewyn wat ferkuolling. Dêr wurdt it 25 graden. Boppe it fêstelân fan de provinsje leit de temperatuer om de 27 graden hinne.

Woansdei bliuwt it waarm.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter