Diel dit berjocht

Rêstich simmerwaar

1 augustus 2024

DE JOUWER – It wie tongersdei net in strieljende simmerdei mear, mar it bleau drûch en it wie ek noflik waar. Freed sjogge wy de sinne ek net in hiel soad, mar it bliuwt kreas.

Tongersdeitenacht is de loft, nei alle gedachten, berûn en by in swakke oant matige noardeastewyn wurdt it 13 graden.

Freed skynt de sinne sa út en troch, mar de loft is ek faak (foar in part) berûn.  Yn ‘e moarntiid is de noardeastewyn swak oant matich, middeis jout de wyn him del. De temperatuer leit om de 23 graden hinne.

Yn it wykein kin der in bui falle, mar de temperatuer bliuwt boppe de 20 graden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter