Diel dit berjocht

Oanhâldend kreas waar

2 augustus 2024

DE JOUWER – It wie freed in hiel moaie simmerdei mei mear sinne as dat ferwachte wie. Yn it wykein bliuwt it kreas waar mei miskien in bui.

Sneon wikselje in berûne loft en sinne inoar ôf. De kâns dat der yn Fryslân in bui falt is net sa grut. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it in graad of 23.

Snein liket it waar bot op dat fan sneon. In strieljende simmerdei sil it net wurde, mar de kâns op in bui is net grut. De swakke oant matige wyn komt wer út it súdwesten en mei 22 graden is it noch hiel noflik.

Moandei sjogge wy de sinne wat mear en mei 24 graden sil it ek wer wat waarmer wurde. De swakke oant matige wyn waait noch hieltyd út it súdwesten.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter