Diel dit berjocht

Woansdei kuollet it ôf

6 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in hiel waarme tiisdei sil it woansdei ôfkuolje, mar de temperatuer leit noch wol boppe de 20 graden.

Tiisdeitenacht falle der in pear buien, miskien wol mei tonger. By in swakke oant matige westewyn bliuwt it mei 16 graden tige myld.

Woansdei is de loft earst berûn, mar geandewei komt de sinne der ek by. De wyn komt út it westen en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 22 graden hinne.

Tongersdei feroaret der net in soad. It bliuwt in pear dagen gewoan simmerwaar.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter