Diel dit berjocht

In pear dagen noflik waar

7 augustus 2024

DE JOUWER – It wie woansdei noflik simmerwaar en dat sil it in pear dagen bliuwe. Fan snein ôf wurdt it wer (hiel) waarm.

Woansdeitenacht is it, nei alle gedachten, helder. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de wyn swak oant matich en komt út it súdwesten. De temperatuer leit om de 14 graden hinne.

Tongersdei is de loft earst berûn, mar letter komt de sinne der ek by. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 20 oant 23 graden.

Freed soe it, sa út en troch, wat reine kinne.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter