Diel dit berjocht

Idealen fan opfieding: earlikheid

De opfieders dy’t yn it boek Spreuken oan it wurd komme, wolle earlikheid, alderearst yn ’e rjochtspraak, mar dan ek yn it hiele libben.
It besef moat libje dat leagens koarte skonkjes hawwe. De wierheid sil de leagen ynhelje, ek al duorret dat foar it gefoel soms lang.

Sa leit it yn Spreuken:

“Earlik praat sil foar altyd bestean, mar de falske tonge mar in koart skoft” (12:19).
“In earme dy’t yn oprjochtens syn wei giet, is better as in rike dy’t ferkearde wegen kiest” (19:1).
“In rjochtfeardige dy’t oprjocht syn wei giet – wat binne dy syn bern letter gelokkich!” (20:7).
“It dwaan fan in earlik minske giet rjocht op it doel ôf” (21:8).

Earlikheid yn de rjochtspraak hechtsje de opfieders wearde oan (31:8 en 9). God hat der in ôfgriis fan as de skuldige frijsprutsen en de rjochtfeardige feroardiele wurdt (17:15; 18:5; 24:24).

“It is net goed en sjoch by de rjochtspraak immen nei de eagen” (24:23).
“In betroubere tsjûge sprekt gjin leagens, mar in falske tsjûge bringt leagens op ’en baan” (14:5, 15).

Grut is it ferset yn Spreuken tsjin omkeapgeskinken:

“In ferkeardenien nimt in omkeapgeskink oan om de paden fan it rjocht krom te meitsjen” (17:23; 21:14).

De opfieders lizze de klam op earlikheid yn ’e hannel:

“Falske skealjes hat de Heare in ôfgriis fan, mar in suvere weachstien is Him nei it sin” (11:1; 20:23).
“Better in bytsje mei rjochtfeardichheid as in grut ynkommen mei ûnrjocht” (16:8).

Al dy advizen binne gearfette yn it njoggende fan de Tsien Wurden: “Stean yn foar in suvere rjochtspraak en lit it oeral en altyd earlik om en ta gean.”

Lês no Amos dy’t him de opfieding út Spreuken tige eigen makke hat.

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter