Diel dit berjocht

Hiel waarm

12 augustus 2024

DE JOUWER – It waard moandei yn Fryslân hast tropysk waarm (30 graden of mear). Tiisdei wurdt it ek wer tige waarm simmerwaar.

Moandeitenacht bliuwt de temperatuer om de 20 graden hinne. Dat neame wy in ‘tropenacht’ (20 graden as mear). Sa’n nacht is yn Fryslân hiel seldsum. De loft kin sa út en troch wat berûn wêze en de swakke oant matige wyn komt út rjochtingen tusken it súdeasten en súdwesten.

Tiisdei skynt de sinne sa út en troch en de temperatuer leit op de measte plakken om de 30 graden hinne en it sil near oanfiele. By de kust lâns is it mei 26 graden wat minder waarm. Middeis nimt de kâns op in flinke (tonger)bui ta. De swakke oant matige wyn komt út ferskillende rjochtingen.

Fan woansdei ôf wurdt it stadichoan minder waarm

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter