Diel dit berjocht

Minder waarm

13 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in hiel waarme nacht (Ljouwert 21,2) wie it tiisdei ek in hiel waarme en neare simmerdei. Woansdei kuollet it wat ôf.

Tiisdeitenacht kin der in tongerbui falle, miskien wol mei heil, in soad rein en wynpûsten. Der stiet net in soad wyn en de temperatuer leit om de 19 graden hinne.

Woansdei wurdt in skiere dei mei kâns op in pear flinke (tonger)buien. De swakke oant matige wyn komt út it westen, mar middeis út it noardwesten. De temperatuer leit tusken 21 en 24 graden.

Tongersdei bliuwt it drûch.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter