Diel dit berjocht

Nofliker

14 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in pear hiel waarme dagen is it no, foar in soad minsken, wer nofliker waar.

Woansdeitenacht bliuwt it drûch en de loft is foar in part berûn. By in swakke oant matige súdwestewyn wurdt it 16 graden.

Tongersdei skynt de sinne geregeld en it bliuwt drûch. De wyn komt út it westen en is matich; by de kust lâns letter frij krêftich. Mei 21 oant 24 graden is it noflik simmerwaar.

Freed liket in wiete dei te wurden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter