Diel dit berjocht

It bliuwt simmer

19 augustus 2024

DE JOUWER – Oan in lange rite mei hiel kreas simmerwaar liket mar gjin ein te kommen, al giet it waar dizze wike wol wat hinne en wer.

Moandeitenacht is it (frij) helder. De súdeastewyn is swak oant matich, mar yn it Waadgebiet en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 14 graden.

Tiisdei skynt de sinne earst geregeld, mar letter rekket de loft berûn en yn ‘e middei soe it wat reine kinne. Yn ‘e moarntiid komt de wyn út it suden en is er matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar matich oant frij krêftich. Middeis rommet de matige wyn nei it súdwesten en wurdt by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken 21 en 24 graden.

Woansdei wurdt it wat minder waarm.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter