Diel dit berjocht

Minder waarm

28 augustus 2024

DE JOUWER – Nei in hiel waarme en strieljende woansdei sjocht it waar der foar tongersdei wat oars út. De loft is mear berûn en it kuollet ek ôf.

Woansdeitenacht bliuwt it drûch en mei 17 graden is it myld. Der stiet hast gjin wyn, mar by de kust lâns is de wyn matich út it westen.

Tongersdei is de loft earst, nei alle gedachten, berûn, mar letter soene wy de sinne ek noch sjen moatte. Yn ‘e moarntiid komt de swakke oant matige wyn út it westen, middeis rommet de wyn nei it noardwesten en is er matich. De temperatuer leit tusken 21 en 24 graden.

Freed en sneon wurdt it noch wat minder waarm.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter