Diel dit berjocht

Stadichoan wer waarmer

29 augustus 2024

DE JOUWER – It wie tongersdei noch hiel kreas en suver hast wat near simmerwaar. Freed kuollet it efkes wat ôf.

Tongersdeitenacht kin op guon plakken wat damp ûntstean. By hast gjin wyn wurdt it mei 8 oant 12 graden in frisse nacht.

Freed skynt de sinne, nei alle gedachten, geregeld, mar de loft kin sa út en troch ek berûn wêze. De wyn komt út it noardeasten en is swak oant matich. It wurdt goed 20 graden.

Yn it wykein wurdt it wer waarmer, mar der is dan wol kâns op in (tonger)bui.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter