Diel dit berjocht

Wer waarmer

30 augustus 2034

DE JOUWER – Nei in hiel noflike freed krije wy in wykein mei wer hegere temperatueren.

Sneon skynt de sinne geregeld en it bliuwt, nei alle gedachten, drûch. De wyn komt út it noardeasten en is matich, by de kust lâns frij krêftich en yn it Waadgebiet sa út en troch krêftich. De temperatuer leit tusken 20 en 24 graden.

Snein wurdt it ek wer in dei mei in soad sinne, mar de kâns op in (tonger)bui is net hielendal útsletten. By in matige eastewyn leit de temperatuer om de 25 graden hinne.

Moandei nimt de kâns op in (tonger)bui wat ta en wy sjogge de sinne ek minder faak. De wyn komt út in súdwesten en is swak. Mei 24 graden is it wer in waarme neisimmerdei.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter