Diel dit berjocht

Op it strân fan Skylge rommet in groep in wykein lang swalkôffal op

Yn it wykein fan 13 oant en mei 15 septimber sil in groep fan santjin minsken op it strân fan Skylge swalkôffal fandelje. De dielnimmers binne begien mei it Waad en de natuer en wolle sa aktyf bydrage oan in skjinner Waadgebiet. Hja wurde dêrby stipe troch de Stichting Milieujutter Terschelling, in non-profitorganisaasje, dy’t it strân en de dunen fan Skylge skjinmakket en -hâldt.

De oanlieding om dit wykein te organisearjen ûntstie foarige simmer doe’t in groep fan De Luchtfietsers by de kust út Texel wei nei it Deenske Esbjerg fytste om omtinken foar it Waadgebiet te freegjen. Trije dêrfan, Dukke Tuinenga, Ydwine Scarse en Geart Tigchelaar, hawwe doe de skjintme en de stiltme, mar ek de bedriuwichheid by de Waadkust del belibbe. Dat brocht harren derta om dit jier mei besibbe sielen de mouwen op te strûpen om op it strân fan Skylge swalkôffal op te romjen.

De Stichting Milieujutter Terschelling sil dêr mear by fertelle oer Skylge en it probleem fan it net ôf te brekken ôffal. De Noardsee is ien fan de drokste farrûten fan ’e wrâld en der wurdt nei skatting alle jierren 20 miljoen kilo ôffal dumpt, dêr’t in part fan op de Waadeilannen oanspielt. Dêr wurde ûnder oaren fisken, fûgels en sûchdieren it slachtoffer fan.

Mei oare wurden, it is gjin oerstallige lúkse om in wykein lang ôffal te sammeljen op ien fan de moaiste Waadeilannen.

Foto thússide: Geart Tigchelaar

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter