Diel dit berjocht

Hiel Fryslân lêst foar mei de Lês-mar-foar-wiken

Fan 9 o/m 27 septimber binne wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús. Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk.

Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar foar-wiken in nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne sepimber kin men Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz. En yn de biblioteken is der ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk, dêr’t alderhande feestlike foarlêsaktiviteiten by organisearre wurde. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.lesmarfoar.frl

Tomke & Keimpe
It tema fan de Lês-mar-foar-wiken is dit jier ‘eigenwiis’, dat op it tema fan de Kinderboekenweek yn oktober oanslút. Alle pjutten krije by de opfang, de biblioteek en it konsultaasjeburo wer in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje mei dat tema. Yn it boekje steane ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes fan ferskate skriuwers en yllustratoaren. De Tomke-yllustraasjes binne noch makke troch de krekt ferstoarne tekener Luuk Klazenga. It boekje ferskynt ek yn it Bildts, Stellingwarfs en Franekers. Bern fan 4 o/m 8 jier krije it nije Keimpe-boekje mei aardige ferhaaltsjes en spultsjes op skoalle of se kinne it fergees ophelje yn ’e biblioteek. Spesjaal foar Keimpe syn 5e jierdei is der in echte Keimpe-memory ûntwikkele en kinne alle bern en harren âlders, juffen en masters mei sjongeres Melissa Pander en rapper Sytse de Wite meisjonge en -dûnsje op de eigenwize Lês-rap.

Yn de biblioteken binne yn de moanne septimber ferskate lês-, dûns- en muzykfoarstellingen te sjen. Foar pjutten binne der foarstellingen fan Janneke Brakels, Danswil en Het Muziekbeestje. Foar de doelgroep 4 o/m 8 jier spilet Jan Tiede Bouma in foarstelling oer Keimpe de Krokodil, en Pyke Kroes & Carel van Leeuwen hawwe in foarstelling makke oer it populêre boek Lampke. Op 14 septimber mei Uit in Huis wurdt der de middeis tusken 14.00 en 16.00 oere foarlêzen yn de Prinsetún yn Ljouwert.

Foto thússide: Hippe Kiek Fotografie

Boarne: Afûk

One Response

  1. Frysktalige berneboeken yn Dokkum wer rûnom te krijen.

    Yn febrewaris 2024 ferhuze de Primera fan ‘e Waachstrjitte nei de Grutte Breedstrjitte yn Dokkum. Sûnt dy tiid ferkeapje se dêr ek Frysktalige berneboeken. Soks is in boppeslach, om’t by dy oare boekhannel de Fryske berneboeken op in janpoepsplak leine en dêrtroch foar bern net te finen wiene. Guon bewegers hawwe grif wol fiif jier pleite foar ferbettering. https://www.itnijs.frl/2022/10/diskriminaasje-yn-dokkum/

    No hat dy boekhannel ek de Fryske berneboeken ferhuze en in prachtich plak jûn yn syn moaie berneboekekeamer. Dat, tiden hawwe tiden.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

  • Reaksje (1)
  • Frysktalige berneboeken yn Dokkum wer rûnom te krijen.

    Yn febrewaris 2024 ferhuze de Primera fan ‘e Waachstrjitte nei de Grutte Breedstrjitte yn Dokkum. Sûnt dy tiid ferkeapje se dêr ek Frysktalige berneboeken. Soks is in boppeslach, om’t by dy oare boekhannel de Fryske berneboeken op in janpoepsplak leine en dêrtroch foar bern net te finen wiene. Guon bewegers hawwe grif wol fiif jier pleite foar ferbettering. https://www.itnijs.frl/2022/10/diskriminaasje-yn-dokkum/

    No hat dy boekhannel ek de Fryske berneboeken ferhuze en in prachtich plak jûn yn syn moaie berneboekekeamer. Dat, tiden hawwe tiden.

Lit in reaksje efter