Diel dit berjocht

Kwyt en misse

Yn it Hollânsk kin men samar hearre dat dingen ‘kwijt zijn’: mijn sleutel is kwijt. Dat is net goed. ‘Kwijt’ is yn dy sin ferkeard brûkt. No’t dat aloan faker te hearren is, wurdt de kâns grut dat soks yn it Frysk oernommen wurdt. By ús jildt dat wy ‘wat kwyt wêze’ kinne: de kaai is fuort of wei. Seit ien: “Myn kaai is kwyt”, dan rekkenje we dat as min Frysk.

Kwyt is te kombinearjen mei de tiidwurden wêze, reitsje, wolle, moatte en kinne (en foarms dêrfan), sa’t bliken docht út ‘wy wiene de wei kwyt’ (it paad bjuster), ‘hy rekket syn baan kwyt’, ‘ik wol der neat oer kwyt’ (oer fertelle), ‘hy moat it swart jild kwyt’ (wol it wytwaskje) en ‘ik kin dat boek wol kwyt’ (kin it wol misse).

Behalven troch fuort en wei is kwyt ek te ferfangen troch poater, mar dat lêste wurd kin yn dit ferbân ek dea betsjutte. Dat is ek it gefal mei wei: ‘hy is al jierren wei’ (= dea). As in minske fuort is kin er weromkomme, as er wei is, dan net. Foar deade dingen kin dat ek jilde: is de kaai fuort, dan fine we him faaks nochris werom, is er wei, dan is dat foargoed.

As we wat misse, dan binne we dat kwyt of kinne we it net fine. Soms wurdt it yn it Frysk ek foar ûntbrekke brûkt: de wedstriid koe net trochgean, want der misten te folle spilers. Yn it Hollânsk wurdt sa’n sin net goed rekkene. Dêr soe misten troch ontbraken yn ferfongen wurde. Sa kinne wy it ek wol sizze: der ûntbrutsen (of ûntbrieken) te folle spilers, mar mei misten is it by ús ek goed.
Sa sjogge we mar wer: yn besibbe talen binne de regels net altyd gelyk.

Jan Breimer

One Response

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter