Diel dit berjocht

32 dielnimsters ynterfryske frouljusmoeting yn East-Fryslân

De Ynterfryske Rie organisearret in ynterfryske frouljusmoeting. Dy twajierlikse moeting is fan 10 oant en mei 13 septimber 2024 yn East-Fryslân, regio Ihlow, Aurich en Südbrookmerland.

It is in útwikseling fan froulju út de trije Fryslannen en it dielnimmen stiet iepen foar alle froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. De organisaasje is diskear yn hannen fan Seksje East fan de Ynterfryske Rie en der binne 32 dielnimsters. De ynstek is om mei-inoar yn ’e kunde te kommen én om yn ‘e kunde te kommen mei it “oare” Fryslân, benammen op it mêd fan kultuer, taal en identiteit. Nei in ûntfangst op it stedhûs fan Ihlow, steane der besiten op it programma û.o. oan it kleaster yn Ihlow, it konsintraasjemonumint Engerhafe en it Moormuseum yn Moordorf.
De frouljusmoeting wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân.

De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard. De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje East hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2027. Dêrnei nimt de Seksje West dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre, dat sil wer yn 2025 wêze.

Foto thússide: Gasteferbliuw yn Ihlow (foto: Ynterfryske Rie)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter