Diel dit berjocht

Plombrief foar redaksje tiidwurden.frl

De Fryske Beweging stjoert geregeld Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har foar it Frysk ynsette. Op 9 septimber 2024 gie der sa’n Plombrief nei de redaksje fan de webside tiidwurden.frl.

De Fryske Beweging fynt it wichtich dat inisjativen nommen wurde om it brûken fan it Frysk te ferbetterjen. Tiidwurden.frl helpt minsken op in leechdrompelige wize om (better) Frysk te skriuwen. Der wurdt ek ferwiisd nei Frysker.nl om minsken noch fierder te helpen.

Tiidwurden.frl beklammet yn syn promoasje dat de side ûntstien is omdat ‘nije ‘ Friezen witte wolle hoe’t de Fryske tiidwurden wurkje. Mei redaksjelid Henk Schaap as libben foarbyld. Mei dy ynstek wurde nije ynwenners fan Fryslân stimulearre om it Frysk praten en skriuwen te learen. Dat hat effekt op it oantal brûkers fan it Frysk.

De Fryske Beweging wurdearret dat tige en hat dêrom besletten tiidwurden.frl yn it algemien en yn it bysûnder Henk Schaap as grutte promotor fan de side in “plom” te jaan.

Taheakke: Plombrief www.tiidwurden.frl

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter