Diel dit berjocht

Harnzer Joël de Jong behellet goud op Paralympyske Spullen

Para-atleet Joël de Jong hat by de Paralympyske Spullen yn Parys goud wûn én in nij wrâldrekôr delset. Boargemaster Ina Sjerps en wethâlder Hendrik Sijtsma lokwinsken him mei syn topprestaasje yn syn âlderlik hûs yn Harns.

Foto: Joachim de Ruijter

Gouden medalje en in nij wrâldrekôr
By de Paralympyske Spullen yn Parys ein augustus hat para-atleet Joël de Jong meidien oan it fierspringen. Hy hat dêr it paralympysk rekôr fan 7,42 meter delset mei syn twadde sprong. Yn ’e lêste omgong fan de wedstriid hat Joël úteinlik in nij wrâldrekôr fan 7,68 meter behelle.

De 22-jierrige sprint yn de T63-klasse, foar atleten mei in inkelde amputaasje boppe de knibbel. Ferline jier hat De Jong by it WK Para Atletyk yn Parys goud wûn op ’e hûndert meter hurdrinnen en brûns by it fierspringen.

Lokwinsken fan boargemaster Sjerps en wethâlder Sijtsma
Om Joël mei syn topprestaasje te lokwinskjen, hawwe boargemaster Ina Sjerps en wethâlder Hendrik Sijtsma him op woansdei 11 septimber in besite brocht. Hja hawwe oer de Spullen, de Fiskerijdagen en Harns praat.

Offisjele huldiging by Harlingen Ongeschut
Joël syn prestaasje bliuwt net ûnopmurken. By Harlingen Ongeschut sil Joël offisjeel huldige wurde troch boargemaster Sjerps.

Foto thússide: Joachim de Ruijter

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter